Gorredijk

Terug naar boven

KONSJERZJE TUTTEL BRINGT HIEL GOED NIJS!

Yn ‘e nacht fan 22 op 23 jannewaris 1954 foel de froast yn en dy naam de dagen dêrnei ta by in krêftige en somtiden hurde eastewyn. De winter koe efkes in dipke, mar kaam op 1 febrewaris fûler werom, mei nachts strange en oerdeis matige froast. Op woansdei 3 febrewaris wie it safier, de tsiende Alvestêdetocht waard ferriden. Wy, learlingen fan de uloskoalle op ‘e Gordyk, waarden yn it skoft tusken tolve en ien oere op ‘ e hichte holden fan it wedstriidferrin troch de sunige radioferslaggen. Tsjin ienen gie it wer op skoalle oan, mar it duorre noch in hoart foar’t konsjerzje Tuttel, de eardere bakker fan Terwispel, de doarren iepensmiet. Eins wiene wy wat ferbolgen, want wy hiene de finish sa noch wol thús foar de radio meimeitsje kind. Mar doe gie dan, letter as oars, de “earste belle”. Stadich gie de iene doar iepen en dy waard troch Tuttel op ‘e heak set. Doe gie Tuttel foar de doarren op ‘e stoepe stean en rôp : “Famkes en jonges, de Alvestêdetocht is wûn troch Jeen van der Berg fan Nij Beets!” De Beetster learlingen by ús op skoalle wiene hielendal út ‘e skroeven, mar ek de measte oare learlingen wiene hiel bliid mei it súkses fan de skoalmaster út Nij Beets. De oare deis stie it mei grutte letters foarop ‘e krante, mar dat wie eins it iennichste dat wy mei- krigen fan de Alvestêdetocht. Dêrom helle ik by de buorlju, dy’t in oare krante liezen yn ’e rin fan ‘e wike ek harren kranten om mar safolle mooglik te witten te kommen fan dat bjusterbaarlike barren. Gelokkich hiene wy op ‘e Gordyk ek in bioskoop en foar de haadfilm oan waard reklame fertoand fan de pleatslike middenstanners én it “Polygoonnieuws”. Nijs wie it eins net, want wat se sjen lieten wie in pear wike earder al bard. Dêrom giene wy in fjirtjin dagen nei de fuotbalwedstriid Nederlân – België nei de betide film op saterdeitejûn of op sneintemiddei yn it “Flora-theater” fan Wiegersma oan de Haadstrjitte. Sa ek mei de Alvestêdetocht yn 1954 en sa seagen wy healwei febrewaris pas wat in bizarre finale de Alvestêdetocht 1954 west hie! Yn dy winter hawwe wy mei in hiele kloft learlingen fan de ulo de stiif 100 kilometer lange “Sechtjin –doarpentocht” mei start en finish op ‘e Gordyk riden. Swier wurk wie dat! Hjirûnder in pear foto’s fan dy tocht. Kinst sjen dat ik doe op ‘e mûle fallen bin. Myn dosint by de kursussen Frysk leargong A en B en no ek noch de korrektor fan myn Fryske fer- haaltsjes lykas dizze, Jan Toering út Assen, fertelde my dat Jeen van der Berg tegearre mei de Fryske koartebaankampioen Geert Dijkstra en syn broer Lammert Toering,learling fan de Gordykster ulo, as sechtjinjierrige junioarenkampioen fan Fryslân, troch harren grutske doarpsgenoaten út Nij Beets huldige waarden yn it pleatslik kafee Huisman.

 

123

1') By de Jiskebrêge yn ‘t Mar  2) Ulo-learling yn febr. 1954  3)16-doarpentocht ek troch Nij Beets   

Meer foto’sLaatste foto’s