Gorredijk

Terug naar boven

“ Social media” yn de fyftiger jierren

Doe’t wy yn 1946 ferhuzen fan Appelskea Tredde Wyk nei Koartsweagen, hiene wy gjin radio en gjin tillefoan. Tillefyzje al hielendal net, want dy bestie der noch net. Ús Auke en ik harken fia de PTT- radiodistribúsje(1) by de buorlju Lammert en Annigje of by Theun en Gretha nei Nederlân – België. Bytiden wie it songen ferslach “Hup, Holland, Hup” fan Jan de Cler yn it skoft noch moaier as it streekrjochte ferslach fan Aart van Leeuwen of Leo Pagano (“Daar verschijnen onze jongens in hun oranjehemden en hun witte pantalons”) .

 


1.

2.


3.

 



As der driuwend gebrûk fan de tillefoan makke wurde moast, dan wiene wy oanwiisd op de tillefoan (4) fan Stamhuis, dy’t trije hûzen fierderop wenne. As der ien om ús belle, dan rûn frou Stamhuis nei ús ta en dan draafde ien fan ús nei de tillefoan om de beller sa fluch mooglik te wurd te stean. As der ien sa fluch mooglik wat witte moast, dan koe dat mei in tillegram, mar dan moasten jo wol earst nei it postkantoar op ‘e Gordyk(1), dêr’t it tillegram mei de tillegraaf (3) ferstjoerd waard. Timen Tomstôk stelde ús yn it wykblêd “De Woudklank” op ‘e hichte fan wat der yn ús omkriten barde en ek de” Friese Koerier”, de praatsjes oer de hage én de nearingdwaanden soargen foar it deistich nijs. Douwe Wijnstra by de boppedraai, troch de measten “Douwe Piano” neamd, wie op it mêd fan radiotechnyk al folle fierder as alle oare Koartweachsters en dêr liet er op in simmerjûn elk fan genietsje. Foar de radio wie ienris yn ‘e wike de “Radio-vossenjacht” te belústerjen en dan moasten yn guon stêden of doarpen de minsken om de weikrûpte foksen sykje. Dat spul is ris by de winkelwike op ‘e Gordyk neispile en doe tocht Douwe: “Dat kin ik ek”. Hy “boarte” wat mei syn apparatuer en nûge Reine Kamphuis, Ekke Foppes, Thijs van der Wijk en my út om foar foks te spyljen. Wy moasten by him thús “ynprate”, Reina as omropster en wy diene krekt as wy weikrûpt wiene om de minsken sa op in dwaalspoar te bringen. Dêrnei nûge hy de Koartsweachsters op in jûn út harren te sammeljen by de Koartsweachster brêge. Douwe naam in sit yn in keammerke by bakker Arjen om de lûdsprekker yn in grutte wasktsjettel, dy’t er yn in tillefoanpeal ( dúdlik te sjen op foto 5)by de brêge hongen hie, en de bânrecorder te betsjinjen. Ekke, Thijs en ik namen sit yn ús skûlplak en doe begûn it feest. De dielnimmers draafden fan it iene plak nei it oare en wer nei de sintrale post, om einlings by de foksen te kommen. Dy’t it earste by in foks kamen, krigen in priis!


5.