Gorredijk

Terug naar boven

JELKE

Doe’t wy yn maaie 1946 nei Koartsweagen ferhuzen moasten wy nei “O.L.S. Kortezwaag”, de iepenbiere legere skoalle, en krekt as yn Appelskea kaam ús Auke yn de fjirde klas en ik yn de earste. Hjoeddedei soene wy yn groep 6 en 3 fan de basisskoalle kaam wêze. Yn de fjirde klasse by ús Auke siet hielendal efteroan, yn in hege bank, Jelke. Jelke wie folle grutter as de oare bern en hy wie ek wat oars. Dochs waard er net pleage, krekt oarsom, der wiene alle dagen wol in pear bern, dy’t oan master fregen oft se by Jelke yn de grutte bank sitte mochten. Foaral ûnder de tekenles en ûnder it foarlêzen honorearre master dat fersyk meastal. De gelokkige én Jelke glimken dan fan ear ta ear. Jelke skreau faak lange ferhalen en sa no en dan mocht er dy foarlêze. Dan nokkeren wy wolris wat om’t it oan ien tried wei troch “en toen.. en toen.. en toen…” gie. Doe’t ik yn de tredde klasse kaam siet Jelke noch op itselde plak en doe learden wy him noch wat better kennen. Jelke wist bêst in soart feiten en wy wiene oergeunstich as er moandeis fertelde dat er wer mei syn heit nei it fuotbaljen op It Hearrenfean west hie. Syn heit Euwe Nijboer (1)wie fertsjin- wurdiger by Brons(2) en hy siet ek yn it besjoer fan de iisklup. Wy, bern, koene him noch better as begelieder by de skoalreiskes, want hy wie âlderkommisjelid. Ik tink dat hy ek foar de ranja soarge, want op ‘t lêst waard dat by Brons makke.
 


1.

2.

3.

De learlingen fan de klassen 4 oant en mei 8 makken ienris yn de twa jier in lange reis nei bygelyks Amsterdam, Rotterdam of Camperduin oan de Noardsee. Dat wy normaal noait fierder kamen as De Sweach of de Kiekeberch foel ek wol op te meitsjen út de fraach fan Klaas Koelma, doe’t de dunen fan Camperduin yn it sicht kamen. Efter út de bus wei rôp Klaas: “Master, is dat dêr yn ‘e fierte De Hondsrug?” Jelke hie gelok dat er altyd mar op dat plakje efter yn ‘e fjirde klasse siet, want no koe er altyd mei de heechste klassen op skoalreis. De foto hjirûnder is naam yn Camperduin en Jelke stiet efteroan sân- de fan rjochts, ûnder de letter T, syn heit twadde fan links. Links fan Euwe Nijboer stiet, kreas yn de knibbelbroek, Douwe Wijnstra, dy’t wy “Douwe piano” neamden. Douwe hat it konservatoarium yn Grins dien en waard in ferneamd pianist en hammondorganist, mar ek radiomakker,producer en muzyk- dosint! Jelke is letter noch nei it “B.L.O.” op It Hearrenfean gien.