Gorredijk

Terug naar boven

IT LOT FAN DE LESTEN

 

De Strikel – septimber 1968       NEDERLANDSE VERTALING

 

IT LOT FAN DE LESTEN

 

,,.....deagewoan deaskopt, deagewoan.''

(Freark Dam: De Joadebern'').

 

By de generaesje dy't de oarloch 1940-1945 biwust meimakke hat, hâlde de forskrikkingen dêrfan in sintrael plak yn it ûnthâld. Oars as by de jongere minske forkringt by har faken it byld fan it barren fan doe dat fan minslik hanneljen yn letter jierren, dat yn wêzen net minder demoanysk wie en noch is. Foar ien Europeeske bifolkingsgroep lykwols hat de skiednis gjin foarbyld fan forgelykbere delgong levere: de massamoard fan de nazi's op de Joaden, as ûnderdiel fan de forneatiging fan alle yn Dútske eagen minderwaerdige folken, kin what omfang en systeem aongiet mei gjin oar barren yn 'e skiednis forgelike wurde.

Direkter as greate getallen fan slachtoffers fan kampen lyk as Auschwitz en Sobibor lit it lot fan de inkeling ût eigen omjowing sjen, hwat de nazi's minsken, allinnich op groun fan har ôfkomst, oandwaen koene. De lotgefallen fan de lêste Opsterlânske Joaden, hast allegearre ynwenners fan De Gordyk, foarmje dêrfan in faorbyld. Hie yn 1829 dat doarp 130 Joadske ynwenners op in totael fan 1537 (fan de 30 keaplju wiene der 18 Joad), yn 1913 wie dat tal al ôftakke ta in 20-tal. By it bigjin fan de twadde wrâldoarloch makken fan de Gordykster doarpsmienskip nog 11 Joaden diel út.

Op 'e Langewâl wenne yn it pân, dêr't earder syn heit in seak hawn hie, de manufakturier Jozef Leefsma (berne yn 1892) mei syn frou Rebekka (Bep) de Vries en harren bern Heiman (Herman neamd) en Jacob (foto boven) (berne yn resp. 1924 en 1935). Dat harren foarfaers har al yn it bigjin fan de foarige ieu yn Fryslân thùs fielden, docht bliken ùt it feit dat David Levi op 'e Gordyk yn 1811 de Fryske foarm Leefsma as famyljenamme oannaem. Hy die dat foar himsels, foar syn bern Mozes, Heiman, Benjamin, Hendrina en Sara en foar syn pakesizzers Zander, Raphiel, Levi, Heiman (bern fan Mozes) Jozef, Zander en Lea (bern fan Heiman). David wie as levyt in foaroansteand man yn de Joadske mienskip; syn yn Hebrieuske lettertekens sette hântekening, in útsûndering, sil dêr út fuortkommen wéze. De heit fan Joazef, Heiman Sanders Leefsma, hanele eartiids in soad yn lapen, dy't er by kistfollen út Amsterdam helle. De froulju neamder dat ,,wyldelapen'' en de keapman krige der syn bynamme ,,Heiman Moailap'' troch.
Op 'e selde wâl wenne, ek yn heite seak, de slachter Marcus Colthof (berne yn 1889) mei syn fan Onstwedde kommende frou Liena Gudeman en harren dochter Esther (Esje, berne yn 1925). De namme Colthof waerd yn 1811 oannommen troch Aron Salomons, dy't yn Koartsweagen wennen. In broer fan Marcus, Jozua (Jopy), dy't ek op 'e Gordyk wenne en mei tekstyl reizge, wie yn 1937 forstoarn en op it yn 1804 oanleine tsjerkhôf achter de Joadebosk yn Koartsweagen bigroeven. Syn frou en twa bern forhuzen dêrnei nei Stadskanaal. Alde Gordyksters witte noch to fortellen, dat de Colthofs, mei as bynamme ,,de Tûffetsjes'', der yn bigjin fan dizze ieu foar bikend stiene dat hja nei de Sabbath in goede kou slachten; hja hiene trouwens ek oars in goede namme.
Marcus sette de famylje-tradysje fuort, mar nei it forstjerren fan syn broer, dy't him holp by it slachtsjen, moast er it hwat kalmer oan dwaen en krige er syn fleis, dat er yn fiere omkriten útsutele, fan in kollega. 

 

Op 'e ein fan de Tsjerkewâl wenne de famylje Van der Kaars, in namme dy't yn 1811 oannommen wie troch de Gordykster Mozes Emmanuel. Eliazar (Ely) van der Kaars, yn 1876 berne op 'e Gordyk, hannele yn fellen, mar ek yn hunich en waeks. Syn út it Grinzer Winsum ôfkomstige frou Johanna Goldsmith hie ik de soarch foar Emanuel (Menny), de yn 1886 berne broer fan har man. Menny wie in doarpstype, lyk as men dy foarhinne wol hie, feaks wol romantyske figuren, mar troch de foroare tiden nou dochs lokkich ta it forline hearrend. Hy stie bikend as in greate iter. Doe't guon dêr ris misbrûk fan makken en him sa mei snert fuorren dat er him thús alhiel bismoarke, sette syn broer in advertinsje yn de Gordykster krante ,,It Kymke'', dêr't de Gordyksters yn frege waerd Menny gjin iten wer te jaen. Dan wenne oan 'e Stasjonswei noch de âldfaem Bertha (Bet) Scholten (foto), berne yn 1872 yn Koartsweagen en fan birop ,,winkelierster in suikerwaren''. Ek hâldde hja wol kostgongers; trochdat se nêst it stasjon wenne, faek wurknimmers fan N.T.M. Dat se yn har jonge jierren in striidbere frou wie, docht bliken út in ôfbylding yn ,,De Prins'' fan febrewaris 1914: op in foto fan in demonstraesje yn Amsterdam fan de ,,Vereniging voor Vrouwenkiesrecht'' stiet ûnder in spandoek ,,afd. Gorredijk'' ek Bet.

Yn 'e simmer fan 1940 kamen by de Leefma's ek de âldste soan Izak (berne yn 1917, rjochts op de foto
), dy't by in firma yn Grins arbeide, en de dochter Magalina (Magda, berne yn 1918, links op de foto),út Amsterdam. Magda gong al yn 't begin fan 1941 wer nei de headstêd, dêr't se yn hûs wie fan immen dy't in funksje hie by de Joadske Rie, by hokker ynstânsje hja sels yn namme ek in  baentsje krige. Izak kaem by syn heit yn 'e winkel, yn headsaek as boekhâlder. Yn july 1942, ûnder de driging fan in oprop foar Westerbork, troude er mei Dina de Vries. Hja wie yn Snits berne en foar har houlik yn 't wurk by de famylje De Kadt yn Ljouwert, dy't harsels begjin july, mei útsûndering fan in soantsje, to koart die. Yn it âlderlik hûs waerd boppe in wenning foar de jongelju ynrjochte. Herman hie yntusken syn Mulo-diploma helle en wurk foun by in pleatslike elektrisiën. Yn juny 1940 fêstige him op 'e ein fan 'e Langewâl, kommende fan 't Hearrenfean, Abraham Benadictus Leefsma (berne yn 1909) mei syn frou Matje Wolf en harren soantsje Isac Gerrit Heiman, berne yn april fan dat jier. Bram Leefsma gong mei manufaktueren op stap, dy't er meast fan syn omke Jozef krige.

Meiinoar wennen der dus yn de earste oarlochsjierren 17 Joaden op 'e Gordyk, hwerfan ien mar tydlik. Dan wenne yn Beetstersweach Susanna Mathilda Godschalk, dy't yn Ommen berne wie en troud west hie mei Hartog Cohen, dy't fan De Gordyk kaem. Hja reizge mei lapkeguod en wie dêrtroch rounom in bikende figuer. Alle neamde persoanen wiene lid fan de Joadske gemeente fan de Gordyk, dêr't ek Smellingerlân en Eaststellingwerf ta hearden. By de registraesje troch de Dútskers yn 1941 wiene yn de trije gemeenten meiinoar 53 Joaden. Dêr nêst wiene der ek noch minsken, hwerfan ien fan de âlden of de pake of beppe in Joad wie. Yn jannewaris 1930 wie fan De Gordyk de lêste foarganger fuortgien. Nei dy tiid waerd der allinnich noch op heechtijdagen in pear kear in tsjinst hâlden yn de âlde, út 1806 datearjende sjoel (foto). Ek net-Joadske Gordyksters wennen dy tsjinsten wol by, doe't Herman Leefsma tsjerklik mearderjierrich waerd. Foargonger wie doe de hear Heymans út Snits.

Hwat hat it lot west fan de neamde minsken? Har lijenswei wurdt allinnich dúdlik as ûnderdiel fan de greate mannichte dêr't se yn fuortfierd waerden. Dochs is fan elk fan harren noch wol hwat bikend dat fortsjinnet fêstlein to wurden. Net mei it doel, harren ûnderfiningen út to stallen, mar om ús noch ris foar eagen to hâlden hoe't skriklike dingen fierôf, mar ek tichteby barre kinne, sûnder dat wy ús dêr oer 't algemien genôch rekkenskip fan jowe. In rede fan in lieder fan de NSDAP liigde der, neffens in forslach yn de Hepkema fan 5 augustus 1942, oars net om:



 Driigjende wurden, mar it deadsbirjocht fan in Japy Leefsma waerd der oer 't algemien net yn biharke. Bigjin 1942 wiene de Dútskers bigoun om Amsterdamske Joaden nei de saneamde wurkkampen ta tostjûren. In juny waerden yn Fryslân, Grins en Drinte alle manlike Joaden fan 18 oant 55 jier dêrfoar oproppen, nei in ,,uterst summiere'' (omskriuwing yn gearkomste Joadske Rie) keuring troch nasionael-soasjalistyke dokters. Op 19 augustus kaem in N.S.B.-doarpsgenoat as ,,bewindvoerder'' yn de saek fan Joazef Leefsma, dêrta oansteld by in de seak fan de rykskommissaris. De oare deis moasten Izak, Herman en Bram Leefsma en ek Marcus Colthof, dy't as slim breukpasjint dochs goedkard wie, har yn it kamp Westerbork melde. Op in iere moarn binne se mei de earste tram ôfreizge. Joazef mocht troch slimme sykte fan syn frou earst thús bliuwe. Omdat hy guod oerbringe litten hie nei it hûs fan in freon, waerd hy in setsje letter oppakt en nei de Ljouwerter finzenis brocht. Nei in pear dagen kaem er wer frij, omdat de Dútskers him neat biwize koene. Yn septimber moast er, ek al stelde er alle prikken yn 't wurk om der oan to ûntkommen, nei in wurkkamp yn Diever. Freonen stiene him der op oan ûnder to dûken, mar hy doarste it net oan, ek al om't syn frou siik thús bleau en dus maklike gizeler wurde koe. Ear't er fuort gong, brocht er by in pleatselike bank in forsegele kiste, dy't dêr opburgen waerd. Yn maert 1943 kamen in pear manlju, dy't har legitimearren as fortsjintwurdigers fan de bihearder fan de Joadske formogens, om de ynhâld fan de kiste to ynventarisearjen. It die bliken, dat der sulveren tsjerkesieraden en in wetsrol yn sieten. In pear dagen letter waerd de kiste mei kostbere ynhâld ûnder ôfjefte fan in ûntfangbiwiis ophelle.
Yn Diever moast Joazef by in boer foar f 1.40 de are ierpeldolle, fansels foar in sakeman min wurk, dat er dan ek wol mei forlies wer oerdwaen woe. Dochs fielde er him nei in skoftsje al in bitûlfte ierpeldoller en koe er skriuwe: ,,Kenst' my der wol út: ik bin ien fan de iverichsten, hwant as men hwat docht, giet de tiid gauwer om.'' By min waer waerd der yn 'e skuorre beantsjedoppe en Joazef tocht aloan fêst wurk by de boer, mar doe waerd er bineamd ta Joadsk kampkommandant en krige er it makliker.


Gezin Jozef Leefsma, vl.n.r Rebecca Leefsma-de Vries, Magdalena, Izak, Heiman(Herman), Jozef en Jacob

De boer wie in bêste keardel en joech der, ek al wie it forbean, syn meiwurking oan dat Joazef kontakt krige mei in freon, dy't him in pear kear op 'e fyts opsocht. Ek de kampchef wie goed, sadat der pakjes ta it kamp yn slûke wurde koene. Doe't Diny de skoandochter fan Joazef, ek nei Westerbork moast, namen freonen it forstjûren fan iten oer, dêr't se gebrûk by meitsje koene fan in troch Joazef by ien fan harren opsleine foarrie. ,,Joaden binne op it eagenblik lêstige freonen'', skreau Joazef oan ien fan syn freonen, ,,mar faeks komt der noch ris in oare tiid.'' It waerd foar him net better, doe't er ek nei Westerbork gong. Wol hie dat twa positive kanten: hy en syn bern wiene nou by inoar en der mochten frij pakjes mei iten hinne, hwat dan ek út De Gordyk wei geregeldei barde. De tastân yn de ,,Joadske haedstêd'' wie lykwols folle slimmer as yn Diever, sa as in fragmint út in brief fan Joazef sjen lit:

,,Moarns om 7 ûre stap ik yn myn klompen en jouns om 8 ûre doch ik se wer út. Ljocht ha wy net, dat alles moat by in inkele kears barre, en dêr moat men sunich mei wêze. Op in seal sliepe normael 200 minsken, trije bêdden boppe elkoar. Rêstich is it der nachts dus nea. En dan binne der in soad minsken yn 'e loop. Oant nou ta mankearret my neat. Waerme fuotten en goed yn 'e wol, dat skeelt in stik. Ik bin nou bifoardere ta dokter. Moarns by de lju lâns dy't op bêd bliuwe: de iene kriget in asperine, in oaren hwat om to sropjen en wer in oaren krekt oarsom. Mar as dat troch giet en ik in fêste bineaming krij, kin it my in tiid skele dat ik net nei Poalen hoch. En wy witte hwat wy hjir hawwe en net hwat wy dêr krije.''

Dochs hied er ek noch wol gelegenheit ta kaertspyljen, ûnder oaren mei de bikende radio-reporter Han Hollander.

Thus wie, nei it fuortgean fan Diny, syn frou mei Japy achterbleaun. Omdat Magda by de Joadske Rie feilich tocht to wêzen, helle se yn 't lêst fan 1942 har bruorke op. Der waerd noch bisocht har oer to heljen, it jonkje ûnderdûke to litten, mar hja achte dat net noadich. De skoalle hoegde Japy foar syn reis nei Amsterdam net tot forsomjen: de tagong wie him as Joad al earder forbean. Fansels hie Magda har optimisme gjin inkele groun: nei koarte tiid bidarren ek hja en har bruorke yn Westerbork. Harren mem keam troch alles, what se ûnderfine moast, yn de senuw-ôfdieling fan it Hearrenfeanster sikenhûs tolânne. Dêrwei is se ûnderdûkt op 'e Jouwer, dêr't se oan 'e bifrijing ta bleau. It winkelpân dêr't de Leefsma's yn wennen en dat eigendom wie fan famylje, wie lyk as boppe biskreaun is yn ,,bihear'' nommen troch in N.S.B. doarpsgenoat. De âlde Menniste tsjerke, dy't eigendom fan Joazef wie, waerd ek nadere en letter troch in fjouwertal N.S.B.-ers kocht. It weard dêrnei brûkt as N.S.B.-groephûs, dêr't foartiid de âlde Menniste pastorij ta tsjinne hie. Opmerklik is, dat de bisittingen fan de Joadske gemeente, bisteande út de tsjerke en in pear hûzen, yn har wêzen litten waerden. Fan de troch net-Joaden biwenne hûzen waerd de hier oan in bank trochbitelle. Doe't nei de bifrijing bistjûrsleden fan Joadske mienskip de synagoges yn Fryslân bylâns reizgen, founen se de Gordykster sjoel yn forfal, mar yn de Hillige Arke stiene noch acht wetsrollen: nimmen hie oan it ynterieur west. Doe't Bep Leefsma noch thús wie, stjûrde se waskguod nei in waskerij mei in bryfke, it skjinne guod nei har man yn Westerbork to stjûren. De eigener fan de waskerij socht har op mei de fraech, oft er hwat foar har dwaen koe. Hja stjûrde him nei Matsje, de frou fan har muoikesizzer Bram, dy't har soantsje Isac ûnderdûke litte woe. Hy naem it jonkje mei, dat ûnder de namme fan Tys earst op 'e Jouwer en letter oant nei de bifrijing yn Drylst in thús foun. Letter waerd ek Matsje troch him ophelle en yn Skearnegoutum as húshâldster ûnderbrocht, what mooglik wie troch har net-Joadsk uterlik. Op in joun kamen dêr in pear S.D.-ers oan 'e doar mei de wurden: ,,Jo binne mefrou leefsma fan De Gordyk.'' Har falske persoansbiwiis koe har net rêdde. Via Snits en Ljouwert kaem ek hja yn Westerbork tolânne.

Yn  'e earste wike fan oktober 1942 waerden de Joaden út de wurkkampen en harren húshâldings thús yn Westerbork forienige om dêrmei meiinoar nei Poalen to gean. Op 3 en 4 oktober waerden 13000 minsken tafoege oan de 2000, dy't der al wiene, lyk as Dr. J. Presser yn ,,Ondergang'' skriuwt. Fan 'e Gordyk wiene dêr de frou fan Marcus Colthof, Line, en Harren dochter Esje (foto) by. Hja hiene op 2 oktober oansizzing krigen, dat hja de oare moars mei de earste tram nei Westerbork moasten. De polysjeman dy't it harren oansei moasten se bilove om net út te naeijen, oars moast er de nachts op harren passe. Esje gong nei Matsje
Leefsma om te freegjen ot dy ek fuort moast; dat wie al sa en Matsje dûkte dy nacht ûnder, lyk as boppe biskreaun is. Buorfroulju holpen Line en Esje om jild yn 'e klean to bineijen. Fan oergerdinen waerden bagage-sekken naeid; mei help fan in buorman waerden de pakken de oare moarns nei de tram brocht. Esje wie noch al moedich, ,,dan sjogge wy noch ris hwat fan 'e wrald''. De Colhofs gongen net sûnder skuld fan De Gordyk òf: it gemeentlik gasbidriuw hie 64 sinten foar gasforbrûk fan harren togoede. Der sil wol gjin gebrûk fan makke wêze, mar de mooglikheit bistie om dy foardering as kosten, ûnstien troch it op transport stellen fan Joaden, to deklarearjen by de troch de bisetter nadere bankiersfirma Lippmann, Rosenthal en Co, as alteast de Colthofs dêr by har oankomst yn Westerbork formogen oan ôfdroegen hiene. Harren hûs dat eigendom wie fan Marcus syn styfmem, waerd yn bislach nommen en letter forkocht oan in ynstrukteur fan de Nederlândske Arbeidstsjinst.

Ek de Colthofs krigen yn Westerbork geregeld wei pakjes fan De Gordyk tastûrd. Freonen stjûrden iten en klean, lyk as in overall foar Marcus en wite skelken foar Line, dy't har âlde birop fan forpleechster wer opnommen hie. Ek Esje hie in baentsje yn it sikenhûs en wol ûnder de namme fan ordonnâns. Foar har 18de jierdei op 4 jannewaris frege har mem in Gordykster bakker om in taert to stjûren. Dy kaem goed oer, lyk as ek de koeke dy't in freonin stjûrde. De forlanglistjes dy't (mei it noadige jild) op 'e Gordyk kamen, lieten sjen dat fan in soad saken forlet wie: brea, koeken, fruchten, sâlt, textyl, hierspjeldtsjes, in stofkeam, in toskeboarstel, sjippe, klompen, batterijen, ensfh. net allinnich stoflike saken wiene lykwols ûnderwerp fan de brieven: Esje libbe bygelyks noch wol sa mei it barren yn har doarp mei, dat se frege hoe't de útfiering fan it sjongkoar ,,Canto'' slagge wie. Har lêste bryfkaert, fan 23 febrewaris 1943, birjochtet dat se sûnder har âlden op transport moat nei D. ,,Ik hoopje, dat alles noch mar wer goed wurdt.'' Trije dagen letter waerd se forgasse yn ien fan de kampen fan Oswiecim (Auschwitz).


Menny van der Kaars (1925)

Wy binne nou bilânne by de lêste fase fan it drama, it transport út Westerbork mei as bistemming de dea. It is wier, de lêste yn Opsterlân oerbleaune Joaden binne noch net neamd, mar hja wiene to âld om foar it Dútske apparaet brûkber to wêzen en binne sûnder mear opromme. Op 12 novimber 1942 founen yn Fryslân de razzia's pleats, dêr't ek hja by ophelle waerden.
Ely van der Kaars hie op warskôgingen om ûnder to dûken réagearre mei de wurden: ,,Se pakke ús net mear, wy binne al sa âld'', mar Menny wie sa gek net of hie it al oankommen sjoen: ,,Se helje ús ek op''. Tagelyk mei de frou fan Ely gongen se op 16 novimber yn Westerbork op 'e trein en waerden op 19 novimber yn de gaskeamer fan Auschwitz formoarde. Bet Scholten folge deselde wei fan 20 oant 23 novimber. Susanna Godschalk, dy't al siik wie doe't se nei it kamp gong, is de reis nei Poalen bisparre: hja stoar yn Westerbork op 24 april 1943.

De earste Gordyksters dy't op 'e trein nei it easten set waerden wiene Bram, Herman en Joazef Leefsma. Hja gongen mei de transporten fan resp. 23 oktober, 2 novimber en 6 novimber, dy't foelen yn de saneamde Cosel-peroade. Dy transporten stoppen op it stasjon Cosel, 80 km diskant Auschwitz, dêr't de foar arbeidzjen geskikt achte Joaden útstappe moasten en nei kampen yn Silezië stjûrd waerden. Ek de Leefsma's wiene dêrby. Herman gong mei in transport fan 1500 minsken; hy is ien fan de twa man fan dat transport dy't de kampen oerlibbe hawwe. Hy kaem earst yn it kamp St.Annaberg en waerd doe yn desimber oerpleatst nei Niederkirch, der't er syn neef Bram moete, dy't dêr daelks hinne brocht wie. Togearre wiene se dêrnei in koart skoftsje yn Sakrau (Zachrou) en gongen ein desimber nei Ottmuth, dêr't se Joazef Leefsma oantroffen. Dy wie daelks yn dat kamp torjuchte kommen. Bram forstoar yn Ottmuth yn 'e earste helte fan 1943. Yn 'e sé fan gegevens dy't it Reade Krús nei de oarloch sammele hat, is de stjerdatum fan Bram forkeard nei foaren kommen; offisiëel is fêstlein, dat er op 7 febrewaris 1945 by Gross-Rosen oan syn ein kommen wêze soe. Joazef en Herman bleaune oant sahwat maeije 1944 yn Ottmuth en gongen doe nei Blechhammer, in filiael fan Auschwitz. Doe't dat kamp bigjin 1945 by it tichterby kommen fan de Russen evakuearre waerd nei Gross-Rosen, koe Joazef dy bare fuottocht net folbringe en waerd er op 26 jannewaris deasketten. Herman hat dat allegearre dus oerlibbe en hat mei syn mem noch in pear jier op 'e Gordyk wenne, ear't se har earne oars yn ús lân nei wenjen setten.
Magda Leefsma gong mei de trein fan 4 maeije 1943 nei Sobibor, dêr't se trije dagen letter de dea yn de gaskeamer foun. Ek Marcus Colthof en syn frou waerden nei har oankomst yn Sobibor fuortendaliks forgasse (23 july 1943). Ys Leefsma wist him yn Westerbork sa ûnmisber to meitsjen (hy hat yn 't bigjin noch ris, doe't er mei in frachtauto ûnderweis wie, op 'e Gordyk west, mar doarst doe net ûnder to dûken, omdat syn frou yn it kamp siet), dat er it op-transport-stellen fan himsels en syn frou Diny oan 25 jannewaris 1944 ta wist tsjin to hâlden. Doe gongen se nei ien fan de kampen fan Auschwitz, dêr't se it hiele jier bleaunen; earst op âldjiersdei waerden se formoarde. Japy gong net mei harren op 'e trein; hy gong mei it transport fan 8 febrewaris, troch Dr. Presser ,,een van de afschuwelijkste'' neamd. It sikenhûs hie nei it sin fan de kampkommandant to folle pasjinten (faeks wie Japy dêr ien fan), sadat by de 1015 minsken yn de féweinen 268 siken wiene. japy waerd 11 febrewaris, dus daelks nei oankomst, yn Auschwitz forgasse.

De lêste Gordykster, dy't op transport gong, wie Matsje Leefsma, en wol op 23 maert 1944. Ek hja foun de dea by Auschwitz, op 31 augustus 1944. Sokke dingen koene hjir barre, sa'n fearnsieu lyn. De Gordyksters seagen machteleas ta, doe't Bet Scholten jammerend oer de dyk sleept waerd, op wei nei it sammelplak dêr't de oerfalwein har wei helje soe. Lyk as nou noch de wrâld tasjocht hoe't folken ûnder de foet roun wurde of útmoarde: machteleas.

ERNST HUISMAN